Twadde ferlies follybalsters Snits

12 des 2015 - 23:54

De follybalsters fan Snits ha foar de twadde kear dit seizoen in wedstriid yn de earedivyzje ferlern. Tsjin Set Up '65 yn Ootmarsum waard it 3-2 foar de thúsploech. Snits hie fansels de drege reis en wedstriid yn Ruslân efter de kiezzen. Waarden dêrom de earste twa sets ferlern? Dêrnei wûn de ploech fan Petra Groenland twa kear mei 25-23. Yn de beslissende fiifde set waard it 15-8 foar Set Up. Snits is troch de winst fan Alterno no twadde yn de kompetysjestân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)