Sven Kramer wint 5.000 meter yn duel mei Jorrit Bergsma

12 des 2015 - 16:26

Sven Kramer hat sneon de 5.000 meter by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean wûn. Yn in streekrjocht gefjocht mei Jorrit Bergsma wie Kramer yn de lêste rit de rapste yn in tiid fan 6.14.99. Bergsma einige mei 6.16.41 as twadde. De Belch Bart Swings waard tredde mei 6.20.80. Bergsma is mei dit resultaat wis fan in ticket foar it WK ôfstannen yn febrewaris yn Kolomna. Kramer moat him noch pleatse.

Douwe de Vries klokte 6.23.04 en einige as sechsde. Arjan Stroetinga fan Waskemar sette de tiid stil op 6.25.19, dat wie it njoggende plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)