Ljouwerter kapper skokt troch sjitpartij yn saak

12 des 2015 - 15:50

De 28-jierrige man út Ljouwert dy't freed ferwûne rekke by in fjochtpartij en sjitynsidint oan De Tunen, is it slachtoffer wurden fan in al langer rinnend skeel mei ien fan de dieders. Beide sieten yn de kapperssaak fan Ayad Mihi doe't sy spul krigen.

De Ljouwerter bleau sitten, mar de oar naaide út en kaam mei in pear maten werom. Mei syn allen foelen sy dêrnei it slachtoffer oan. Mihi stjoerde úteinlik syn kollega's nei achteren ta en die de doar op slot. Hy is flink skrokken fan it foarfal. It slachtoffer is sneon út it sikehûs ûntslein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)