Fuotbalfroulju Hearrenfean pakke earste oerwinning

12 des 2015 - 14:40

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean pakten freed harren earste seizoensoerwinning. Yn Zwolle wûnen de froulju fan trainer Fred de Boer mei 2-1 fan PEC Zwolle. Alle treffers foelen pas yn de twadde helte. Fuort nei it skoft soarge Ingrid Schuiten foar de Feanster iepeningstreffer. Fiif minuten letter stie ek de twadde Fryske treffer op it boerd, dy't op namme kaam fan Maly Breed.

Yn it slot waard it dochs noch spannend, doe't PEC yn de 87e minút de oanslutingstreffer makke. Fierder lieten de Feanfroulju it net komme en pakte dêrmei de sege.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)