Plysje hellet sân hûnen út wenning yn Jirnsum

12 des 2015 - 10:26

De plysje en de lanlike ynspeksje dierebeskerming ha freed sân hûnen út in wenning yn Jirnsum helle. De 67-jierrige eigener paste net goed op syn hûnen. Hy wie hjir earder foar warskôge, mar dat hat neffens de plysje net holpen.

De fersoarging bleau ûnder de mjitte en de bisten wiene net nei de bistedokter brocht. De hûnen sieten ûnder de flieën en hiene gjin drinkwetter. Tsjin de eigener is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)