Slachtoffer sjitpartij Ljouwert wer thús

12 des 2015 - 09:45
  • De Tuinen is ôfsletten yn ferbân mei it sjitynsidint

De 28-jierrige man út Ljouwert dy't freedtjûn ferwûne rekke by in fjochtpartij en sjitynsidint oan De Tunen, is út it sikehûs ûntslein. Hy is dêr behannele oan stekwûnen en in ferwûning troch in skot.

It slachtoffer waard troch fjouwer man bedrige yn in kapperssaak oan De Tunen. Doe folge in fjochtpartij wêrby't de Ljouwerter stutsen waard. Dêrnei waard op strjitte sketten, wêrby't de man ien kear rekke is. De fjouwer manlju naaiden dêrnei út en binne noch hieltyd net fûn. De plysje hat tsjûgen heard, mar freget oare tsjûgen har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)