Sportklup Hearrenfean wint op eigen fjild fan Excelsior

11 des 2015 - 22:03
  • De goal fan Kenneth Otigba

SC Hearrenfean hat freedtejûn Excelsior ferslein mei 2-1. De ploech fan trainer Foppe de Haan wûn yn it Abe Lenstra Stadion fertsjinne fan de Rotterdamse klup.

Hearrenfean kaam yn de 22e minút op foarsprong troch in doelpunt fan Kenneth Otigba. Nei it skoft ferdûbele Sam Larsson de skoare nei in blunder fan Excelsior-doelman Tom Muyters. Yn de blessueretiid waard it noch 2-1, troch in strafskop fan Jeff Stans.

Troch de winst klimt Hearrenfean nei it 10e plak yn de earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)