Nije gymnastykhal Dantumadiel is feestlik iepene

11 des 2015 - 21:52
  • De iepening fan de gymnastykhal

It nij ferboude gymnastyk sportsintrum fan Dantumadiel waard freedtejûn feestlik iepene. De sporthal op De Westereen hat in aparte romte krigen om te turnjen en dûnsjen. Neffens Terese Kammelar, foarsitter fan gymnastykferiening Feanwâlden, wie dat bot nedich.

It klearsetten fan de attributen foar eltse gymnastyktraining naam in soad kostbere tiid yn beslach. Dat kaam om't de sporthal foarhinne ek brûkt waard as tennisbaan. Troch it klearsetten fan de attributen, duorren de gymnastyklessen soms mar in healoere yn stee fan in oere.

De nije romte biedt in soad nije kânsen en mooglikheden. Sa is der bygelyks ek in 'valkuil' yn de nije sportseal. Hjiryn kinne turners en turnsters sûnder risiko oefeningen dwaan. Kammelar is grutsk op wat der op it stuit delsetten is en hopet yn de takomst noch mear út te wreidzjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)