Sjitynsidint De Tuinen yn Ljouwert; ien slachtoffer

11 des 2015 - 22:00

In 28-jierrige man út Ljouwert is freedtejûn ferwûne rekke by in fjochtpartij en sjitynsidint oan De Tuinen. It slachtoffer waard troch fjouwer man belage yn in saak oan De Tuinen. Hjirop folge in fjochtpartij werby't de Ljouwerter stutsen waard. Der waard dêrnei ek noch sjitten.

De fjouwer mannen naaiden nei it sjitten út. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket op de saak en ropt tsjûgen op harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)