Fryske sikehuzen slute soarchkontrakten mei fersekerders

11 des 2015 - 18:06
  • De man wurke yn it MCL yn Ljouwert

It MCL-sikehûs yn Ljouwert en sikehûs de Tjongerskâns op It Hearrenfean hawwe mei De Friesland Zorgverzekeraar en Zilveren Kruis in kontrakt sletten oer de finansjele fergoedings foar de soarch dy't ferliend wurdt.

Foar it Medysk Sintrum Ljouwert giet it om fergoedings fan de basissoarch yn de regio Harns en Ljouwert. Dêrneist is in kontrakt sletten oer de fergoedings foar komplekse, swiere en topklinyske soarch. Ek de basissoarch op It Hearrenfean en omkriten is foar takom jier fêstlein.

De Friesland en Zilveren Kruis hawwe earder al kontrakten tekene foar de soarch yn en om soarchsintrum De Sionberg hinne. Itselde jildt foar sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. Nije wike wurde der kontrakten tekene mei it Antonius sikehûs yn Snits, lit in wurdfierder witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)