Fryske sprinters stelle teloar op de 500 meter

11 des 2015 - 17:56
  • Jesper Hospes

Sprinter Jesper Hospes fan It Hearrenfean is by de wrâldbekerwedstiid op de 500 meter yn de efterhoede einige. Hy waard 16e yn in tiid fan 35.28. De ôfstân waard wûn troch de Rus Pavel Kulizhnikov yn 34.48.

Ek de Fryske froulju makken gjin yndruk op de 500 meter. Margot Boer fan Goaiïngaryp wie de bêste Nederlânske op it 10e plak. Se ried nei 38.45. Yn de B-groep rieden Marrit Leenstra (Wikel) en Janine Smit (It Hearrenfean) nei it 5e en 7e plak.

De 500 meter by de froulju waard wûn troch Sang-Hwa Lee út Súd-Korea mei in baanrekôr: 37.59.

De Amerikaanske rydsters Brittany Bowe en Heather Richardson-Bergsma waarden twad en tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)