Temajûn oer Friezen dy't net goed lêze en skriuwe kinne

11 des 2015 - 16:47

De Ljouwerter riedsfraksjes fan D66 en PvdA organisearje ein jannewaris in grutte temajûn oer minsken dy't net goed lêze en skriuwe kinne. Goed ien op de njoggen folwoeksenen yn Fryslân hat mei dit probleem te krijen, sizze dizze partijen.

Dizze groep skammet har faak om't se net goed lêze en skriuwe kinne, en docht dêrom faker net mei oan sosjale aktiviteiten. Hjirtroch reitsje se yn in isolemint. Ek binne der hieltyd minder banen foar minsken dy't net goed skriuwe, lêze en mei de kompjûter wurkje kinne.

Op de temajûn sprekke ferskate saakkundigen ûnder oare oer hoe't it probleem yn Fryslân oanpakt wurde kin. De jûn oer 'laaggeletterdheid' wurdt op 27 jannewaris takom jier holden yn it gebou fan it Friesland College oan de Julianalaan yn Ljouwert. De tagong is fergees.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)