Drachtster skoalbern yn finale Lego-wedstriid

11 des 2015 - 16:03

Fiif learlingen fan CSG Liudger yn Drachten dogge sneon mei oan de regionale finale fan de First Lego League.

Op de Hanzehegeskoalle yn Grins wurde ferskate teams ûnder oaren útdage om mei help fan sels programearre LEGO-robots mei te dwaan oan in ôffalrees. Dêrneist moatte de teams selsmakke kreaasjes meitsje en dizze foarsjen fan sensoaren en elektromotoren.

Oan de regionale finale dogge yn totaal 18 skoalteams mei. Se meitsje kâns op in plak yn de grutte Benelux-finale dy't ein jannewaris takom jier yn Venlo plakfynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)