Dearsum hat in duorsum en betelber nij moetingsplak

11 des 2015 - 15:38
  • It nije moetingssintrum yn Dearsum

Dearsum hat in nij moetingssintrum. It nije gebou 'De Finne' stiet achter it âlde Meksikaanse restaurant.

In jier lyn is der in aksje opset foar in nij ûnderkommen, om't de keet yn it doarp âld en oan ferfanging ta wie. De 128 ynwenners woene beslist net sûnder in sintraal moetingsplak. Safolle mooglik wurksumheden, lykas timmerjen en it elektrysk, hawwe se selfs dien.

Mei stipe fan de gemeente, de provinsje, it Oranjefûns, it VSB fûns en de Rabobank is it nije gebou betelle.

Sinnepanielen

Ek binne der sinnepanielen op it dak pleatst om it gebrûk fan it sintrum goedkeaper te meitsjen. It moetingssintrum draait hielendal op frijwilligers en is bedoeld foar it hiele doarp. 

Wethâlder

Freedtejûn wurdt it nije moetingssintrum fan Dearsum iepene troch wethâlder Van Gent fan de gemeente Súdwest-Fryslân. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)