Eksklusyf lammefleis te iten by restaurants op It Amelân

11 des 2015 - 14:44

It Amelân hat der in kulinêre attraksje by. Sûnt koart kinne minsken by guon restaurants telâne foar fleis fan it soay skiep. De skiep binne eigendom fan Steatsboskbehear en rinne op it eilân om de begroeiïng koart te hâlden. De keppel mei net te grut wurde, mar is de lêste jierren stadichoan groeit. Dêrom hellet Steatsboskbehear der tenei in pear skiep út om op de fêste wal slachte te wurden.

It lammefleis wurdt fierder op it eilân ferwurke. Om't it fleis net it hiele jier beskikber is, bliuwt it in eksklusyf produkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)