Plannen foar tydlike huzen yn it sintrum fan Surhústerfean

11 des 2015 - 13:54

Yn it sintrum fan Surhústerfean komme nei alle gedachten tydlike huzen. Oan de Gedempte Haven yn it sintrum leit al acht jier in braak lizzend stik grûn. Wieger en Eddy van der Velde fan de Flexibele Makelaar wolle dêr no tolve tydlike wenten delsette dy't oer tsien jier wer ôfbrutsen wurde kinne.

De wenningen binne ek tagonklik foar minsken yn in rolstoel. Neffens Wieger van der Velde past dizze oplossing goed yn de tiid en is Surhústerfean wol it earste, mar net it lêste plak wêr't dizze wenten komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)