PvdA Achtkarspelen is teloarsteld oer ôfwizing AZC

11 des 2015 - 12:42

De PvdA-fraksje yn Achtkarspelen is swier teloarsteld oer it ôfwizen fan in AZC yn de gemeente. Tongersdeitejûn makke in mearderheid fan it kolleezje bekend dat se gjin romte sjogge foar in asylsikerssintrum by Bûtenpost of Surhústerfean. Allinnich de wethâlder fan de PvdA wie tsjin dit stânpunt. 

De fraksje yn de gemeenteried wol dochs besykje in AZC yn de gemeente te krijen. Se sille earst besykje mei de koälysjegenoaten ta in oar stânpunt te kommen. 

Slagget dat net, dan sil de PvdA de opposysjepartijen CDA en Christen Unie benaderje. Gemeentebelangen Achtkarspelen en FNP sitte ek yn de koälysje. Beiden binne foarearst tsjin de komst fan in AZC foar 600 minsken. Se wolle de bewenners fan doarpen earst rieplachtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)