Achtkarspelen ferskerpet sportbelied; sportklups net bliid

10 des 2015 - 23:39

De gemeenteried fan Achtkarspelen is tongersdei akkoart gien mei in feroaring fan it sportbelied. Sportferienings binne tenei oanspraaklik foar ûngelokken dy't barre mei harren eigendommen. De gemeente wol de oanspraaklikens wol oernimme, mar dan moatte klups in flinke ekstra bydrage betelje.

Ferskate sportferienings en ek opposysjepartij CDA hawwe grutte muoite mei it nije belied. Sy binne benaud dat it tal frijwilligers werom rinne sil en dat klups op kosten jage wurde.

De oanpassing fan it belied fynt plak nei oanlieding fan it ynstoarten fan in dug-out yn Twizel, dêr't in famke fan tsien jier by om it libben kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)