Achtkarspelen seit nee tsjin grut asyslsikerssintrum

10 des 2015 - 22:26
  • (argyffoto)

De gemeente Achtkarspelen seit nee tsjin in fersyk fan it COA, om in permanint asylsikerssintrum fan sa'n 400 oant 600 minsken yn de gemeente te festigjen. It sintraal orgaan opfang asylsikers stelde dy fraach yn septimber. Mar nei twa moannen beried hat it kollege fan b. en w. besletten om der net oan mei te wurkjen.

Neffens boargemaster Gerbrandy is foaral de skaal fan it sintrum de reden om it fersyk fan it COA ôf te wizen. De gemeenteried is twa dagen lyn fan it beslút op de hichte steld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)