Prins Carlos bringt wurkbesite oan It Amelân

10 des 2015 - 22:01

Prins Carlos hat tongersdei in wurkbesite oan It Amelân brocht. Hy wie dêr om te sprekken mei ferskate eilanners oer duorsume ûnderwerpen. Hy waard ûntfongen troch boargemaster Albert de Hoop en de organisaasje Duurzaam Ameland. De prins besocht ûnder oaren it sinnepark en in wenhûs mei in eigen elektryske sintrale oan hûs. Dêrneist hie hy in petear mei de Amelanner Enerzjy Koöperaasje en mei GasTerra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)