Richard Karrenbelt bliuwt trainer ONS Boso Snits

10 des 2015 - 21:00
  • Richard Karrenbelt op de bank by ONS Boso Snits

Richard Karrenbelt is ek takom seizoen de haadtrainer fan topklasser ONS Boso Snits. De trainer út Apeldoorn is no dwaande mei syn earste seizoen. Syn assistint Hans Alleman hâldt op by de Snitsers. Chris de Wagt sil nei dit seizoen net langer as spiler aktyf wêze, hy nimt dan it plak fan Alleman yn. Spits Yume Ramos hat syn kontrakt mei twa jier ferlinge. Earder wiene Ale de Boer en Klaas de Vries foar it nije seizoen al fêstlein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)