Brânwachtman Dick Bakker kriget keninklike ûnderskieding

10 des 2015 - 20:56

De 59-jierrige brânwachtman Dick Bakker hat tongersdei in keninklike ûnderskieding krigen. Hy is no lid yn de oarder fan Oranje Nassau. Boargemaster Crone fan Ljouwert rikte de ûnderskieding út. Dit die hy by de korpsjûn fan de brânwacht Ljouwert, dêr't Bakker ôfskied naam as frijwilliger. Dick Bakker hat de ôfrûne 21 jier aktyf west as frijwillige brânwachtman yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)