Damwâldsters ynformearre oer nije plannen Haadwei

10 des 2015 - 20:19

Foar de Haadwei yn Damwâld is in nij ûntwerp makke. De gemeente en in klankboerdgroep hawwe dit plan op in ynrinjûn presintearre oan de ynwenners fan it doarp. Op basis fan de ynbring fan de doarpsbewenners, sil in definityf ûntwerp makke wurde. Nei ferwachting sil de bou takom jier nei de simmerfakânsje úteinsette en yn 'e hjerst fan 2017 klear wêze. It ûntwerp omfettet de werynrjochting fan de 2 kilometer lange wei troch it doarp en it winkelplein. De dyk moat in leanestruktuer krije.

De ynrinjûn waard besocht troch sa'n 350 Damwâldsters. De reaksjes op de plannen binne foar it meastepart posityf.

In ympresje fan de nije Haadwei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)