SC Hearrenfean moat op syk nei nije haadsponsor

10 des 2015 - 14:17

SC Hearrenfean moat foar takom jier op syk nei in nije haadsponsor. Univé hâldt dermei op. Dêrmei komt der in ein oan in 15 jier duorjende gearwurking tusken Univé en de earedivyzjeklup. Freed is der foarôfgeand oan de thúswedstriid tsjin Excelsior in parsekonferinsje wêryn't bekend wurdt dat Univé wol oan SC Hearrenfean ferbûn bliuwt as lytsere sponsor. Sa komt de namme Univé takom seizoen op de rêch te stean.

Twa jier ferlyn kamen Hearrenfean en de fersekerder noch kontraktferlinging oerien foar twa jier. Univé betellet per seizoen sa'n ien miljoen euro.

Sponsormanager fan Univé Fons Roosenboom wol it nijs befêstigje noch ûntkenne. "Morgen is de persconferentie, we hebben afgesproken het nieuws daar te melden. Na 15 jaar is dit wel een mooi moment om verder te kijken, maar het feit dat wij zouden stoppen vanwege de bestuurlijke perikelen bij de club is absoluut onwaar."

Ynterim bestjoerslid Wim Dijk lit witte it spitich te finen dat Univé der nei 15 jier mei ophâldt. "We kunnen trots zijn dat we Univé zo lang aan onze club hebben kunnen verbinden. 15 jaar hebben we lief en leed met elkaar gedeeld, wat dat betreft is Univé een unieke sponsor."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)