Gerald van den Belt sit siik thús, hy is skjin ynein

10 des 2015 - 14:15

Ald-Cambuur direkteur Gerald van den Belt sit siik thús. Hy is skjin ynein. Van den Belt is sûnt febrewaris direkteur by FC Twente. Dizze fuotbalklup sit op it stuit yn swier waar. Sportyf giet it net goed, mar benammen ek finansjeel net. Van den Belt moast flink besunigje. Ferline moanne lekte boppedat in kontrakt mei in ynvestearringsmaatskippij út. Hjirút docht bliken dat it bedriuw ynfloed hân hat op it belied by de fuotbalklup en dat is ferbean. De lisinsjekommisje fan de KNVB praat hjir tongersdeitejûn oer.

Yn it slimste gefal wurdt de lisinsje fan FC Twente ynlutsen. Troch syn sûnensproblemen mist Van den Belt dizze wichtige gearkomste. Hy ferwachtet minimaal twa wike út de rûlaasje te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)