KBS 'De Korendrager' fan Frjentsjer kin nij bouwe

10 des 2015 - 13:33

Kristlike basisskoalle 'De Korendrager' yn Frjentsjer kin nij bouwe. De gemeente hat grien ljocht jûn foar nijbou op itselde plak oan de Botniasteech. It skoalbestjoer moast mei in nij plan komme, neidat ferline jier de gearwurking mei twa iepenbiere skoallen mislearre. Dat plan wie om in nije skoalle te bouwen op Bloemketerp.

De iepenbiere skoallen de 'Fûgelflecht' en 'Kleyenburg' sille wol mei-inoar fusearje. 'Kleyenburg' wurdt yn jannewaris ferboud, de bern gean dan nei de 'Fûgelflecht'.

Mei de nijbou fan 'De Korendrager' gean de learlingen fan dy skoalle tydlik nei de leechkommende lokalen fan de 'Fûgelflecht'. It is noch net dúdlik wat der úteinlik mei dat leechkommende gebou dien wurde sil. De skoalle stiet yn de wyk Skalsumerplan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)