Mear gearwurking op mêd fan revalidaasje nei dwerslaesy

10 des 2015 - 12:42
  • Revalidatie Friesland siket de gearwurking

Revalidatie Friesland út Beetstersweach sil tenei gearwurkje mei trije oare revalidaasjesintra op it mêd fan dwerslaesys. It giet om it UMCG yn Grins, Centrum voor Revalidatie yn Enschede en Vogellanden yn Swolle. De earste twa ynstellings biede yntinsive soarch, Swolle en Beetstersweach binne foar de ferfolchrevalidaasje.

Troch de gearwurking moat der in goed netwurk ûntstean yn Noard-Nederlân. De gearwurking bestiet ûnder oare út it útwikseljen fan kennis, it bieden fan opliedings en it dwaan fan wittenskiplik ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)