Mitchell Te Vrede docht net mei tsjin Excelsior

10 des 2015 - 12:12

Mitchell Te Vrede kin freed yn de wedstriid tsjin Excelsior net meidwaan. De Hearrenfeanspits skoarde ferline wike noch twa kear tsjin Ajax, mar hat no lêst fan syn ljisk. Henk Veerman is syn ferfanger. Pele van Anholt is wer fit, mar spilet net yn de basis. De rjochtsbackposysje wurdt ynnaam troch Stefano Marzo.

Younes Namli is ek wer fit en sit foar it earst sûnt de earste wedstriid fan it seizoen wer by de seleksje. Hy is hersteld fan in operaasje oan syn búk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)