Nije Sylsbrêge yn Jirnsum wurdt op unike wize boud

10 des 2015 - 12:01
  • Wurk oan de Sylsbrêge

De nije Sylsbrêge by de yngong fan Jirnsum wurdt op in unike wize oanlein. Mei kalksemint wurdt de slappe boaiem stevich makke. Dêrtroch hoecht der gjin metershege wâl oanlein te wurden. Dizze metoade is noch net earder yn Noard-Nederlân tapast. In oar foardiel is dat it ferkear hast gjin lêst hat fan de oanlis fan de bou fan de brêge.

De nije Sylsbrêge moat takom maitiid klear wêze en krijt in trochfarhichte fan 2,50 meter. Dat is in meter heger as de âlde brêge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)