Nije senioareferienings oprjochte nei reboelje by ANBO

10 des 2015 - 11:17
  • Website ANBO

Fryslân hat nei de reboelje by it âlderebûn ANBO yntusken njoggen nije senioareferienings. Dy binne oprjochte neidat in soad bestjoeren fan pleatslike ôfdielings fan de ANBO ophâlden binne. Dy wiene it net iens mei de koers fan it lanlik bestjoer. Dat woe bygelyks sizzenskip ha oer de sinteraasje fan de lokale ôfdielings.

Yn jannewaris komme de nije ferienings byelkoar om te praten oer gearwurking op provinsjaal nivo. Dêr binne ek ôfdielings wolkom dy't noch net witte oft se by de ANBO bliuwe wolle of net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)