Fryske Rabobanken ûntkomme net oan reorganisaasje

10 des 2015 - 11:09

"De Fryske Rabobanken stean der goed foar mar ûntkomme net oan de kommende grutte reorganisaasje". Dat seit Rients Schuddebeurs, direkteur fan de Rabobank Hearrenfean/Súdeast Fryslân en wurdfierder fan de oare Fryske Rabobanken.

Woansdei waard bekend dat de kommende jierren 9000 banen ferdwine by de bank. It giet benammen om minsken dy't net fuort yn kontakt stean mei de klanten. By de Fryske Rabobanken wurkje no noch goed 1000 minsken. Hoefolle Fryske banen der sneuvelje, kin hy noch net sizze.

"It is it gefolch fan de strategyske keuze fan de bank. De winstjouwendheid moat omheech." De ôfrûne jierren is der yn Fryslân al in soad feroare. Rabobanken binne al fusearre en wurkje effisjint. Dochs fernimt Schuddebeurs ek hjir dat it gedrach fan klanten feroaret. "Se dogge it wurk sels, fia ynternet. Dan binne der minder minsken nedich." It betsjut neffens Schuddebeurs ek dat de bankmeiwurkers sels ek ynnovatyf oan de slach moatte: "As bankmeiwurker moatst bygelyks sels op syk gean nei de klant. Dus bygelyks nei byienkomsten dêr't potinsjele klanten binne."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)