Rjochter docht tongersdei útspraak yn Tsjûkemarmoard

10 des 2015 - 06:18
  • Justysje

De rjochtbank yn Ljouwert docht tongersdei útspraak yn it saak fan de Tsjûkemarmoard. Dy saak draait om de moard op Omar Kourrich. Dy waard yn 2013 om it libben brocht, wêrnei't it stoflik omskot by de Tsjûkemar yn brân stutsen waard.

It Iepenbier Ministearje easke earder acht jier sel tsjin de haadfertochte, in 19-jierrige Amsterdammer. De haadfertochte sels wiist nei in 26-jierrige Roemeen as dieder. Tsjin him easke it IM seis jier sel.

In 30-jierrige man út Easterwâlde soe holpen hawwe mei it yn brân stekken fan it lichem. Dêrom wol it IM him twa jier de sel yn ha. Ek de heit fan de Amsterdammer wie fertochte, mar hy is al ferstoarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)