Nordwin College skoart tredde plak yn MBO Keuzegids

10 des 2015 - 00:01

It Nordwin College stiet yn de top trije fan bêste agraryske opliedings yn Nederlân. Dat stiet yn de Keuzegids MBO 2016. It Nordwin College komt op in tredde plak. Sterk punt is de oansluting en begelieding by staazjes. Mear studinten as gemiddeld helje yn fjouwer jier tiid har diploma.

Yn de list mei brede MBO-skoallen komme it Friesland College en it ROC Friese Poort earne yn de midden út. Fierder meldt de gids dat studinten de measte kâns op in baan ha as se in technyske oplieding kieze.

Yn de soarch, de detailhannel en it ûnderwiis is de kâns op in baan flink lytser.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)