Operaasje Epke moat groanyske ferkâldheid ferhelpe

09 des 2015 - 21:37

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer wurdt tongersdei operearre oan syn byholten. Dat meldt de NOS. Mei de operaasje hopet er fan in groanyske ferkâldheid ôf te kommen. Earst hat er it mei medisinen besocht, mar dat wurke net.

Troch de operaasje is Epke in pear wiken útskeakele. It gong al net al te bêst mei Epke dit seizoen. Ein augustus krige er in lichte harsenskodding doe't er fan de rekstôk foel. Dêrtroch pleatste hy him net foar de finale fan it wrâldkampioenskip turnjen oan it rek yn Glasgow.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)