Lotsje foar lessen by Comenius @Forum en Mariënburg

09 des 2015 - 20:07

It CSG Comenius yn Ljouwert stelt in learlingestop yn. Bern dy't kommend skoaljier nei de earste klasse fan de havo wolle op de lokaasje Mariënburg moatte lotsje. Dat jildt ek foar bern dy't nei it nije Comenius @Forum wolle. Dêr wurdt ûnderwiis jûn op mavo-, havo- en ateneumnivo, mar dan yn lytsere klassen.

De lêste fiif jier hie it Comenius yn Ljouwert al te krijen mei learlingegroei. Mooglik omdat minsken hieltyd mear fan it plattelân nei de stêd lûke, seit direksjefoarsitter Hans Wildeboer.

Earlik

In protte âlden ha teloarsteld reagearre op it nijs, mar neffens de skoalle is lotsjen de earlikste wize om mei de groei om te gean. Earst wie dyjinge dy't him as earst oanmelde ek as earste oan bar, mar dat soarge foar in protte druk op learkrêften fan groep acht om sa gau as mooglik mei in skoaladvys te kommen. Dat soe ten koste gean fan de kwaliteit. "En we willen hier geen slaapzakken voor de deur" seit Wildeboer.

Learlingstop foar ynstream boppebou

It CSG Comenius oerwaget ek noch om kommend skoaljier foar eksterne ynstreamers yn havo 4 in learlingestop yn te fieren, mar neffens direksjefoarsitter Hans Wildeboer koe dat wolris grutte gefolgen ha foar oare skoallen. In beslút hjiroer sil uterlik yn jannewaris falle.

Kristlik Gymnasium Beyers Naudé

Yn de Rânestêd komt it faker foar dat middelbere skoallen lotsje moatte as se net alle bern kwyt kinne, mar yn it Noarden is dat net gebrûklik. In pear jier lyn hie it Beyers Naudé gymnasium yn Ljouwert ek oankundige dat se lotsje moasten, mar dat bliek dochs net nedich omdat minder bern as ferwachte har ynskreaunen.

It Comenius ferwachtet dat 40 oant 80 bern kommend jier net by de skoalle telâne kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)