FIDEO: Skjinmakker Chris Jansen wint de Gouden Griper

09 des 2015 - 17:37

It is wurk dat alle dagen dien wurdt, mar dêr't net in soad omtinken foar is: it skjinmeitsjen fan de stêd Ljouwert. De gemeente hat de skjinmakkers woansdei yn it sintsje set mei de wurdearringspriis de Gouden Griper.

De Gouden Griper is útrikt yn fjouwer kategoryen, besteande út skoalbern, jongeren, frijwilligers en profesjonels. De Gouden Griper by de profs gie nei Chris Jansen, dy't al fiif jier it sintrum fan Ljouwert oprommet. Omrop Fryslân gie woansdeitemoarn mei him mei op paad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)