Needopfang Ljouwert wurdt fan tongersdei ôf ôfboud

09 des 2015 - 15:32

De needopfang yn it WTC yn Ljouwert sil fan tongersdei ôf stadichoan ôfboud wurde. Tongersdeitemiddei bringt in bus 70 flechtlingen nei it asylsikerssintrum fan Den Helder. It is de earste groep dy't de Ljouwerter needopfang ferlitte sil.

Yn de Friezenhal yn it WTC sitte op dit stuit noch 600 flechtlingen. De gemeente en it COA wolle ôfbouwe oant der noch 400 flechtlingen oerbliuwe. Dy kinne dan maklik ferhúzje nei it neistlizzende kantoar oan de Heliconwei.

Dat gebou moat noch ferboud wurde, dus oft dat slagget is noch de fraach. "Maar we gaan voor een naadloze overgang", sa seit boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)