Pieter Braaksma (ABD) nije wethâlder fan Dongeradiel

09 des 2015 - 15:28

De 60-jierrige Pieter Braaksma fan Eastrum hat in protte nocht oan syn nije funksje as wethâlder fan Dongeradiel. Dat seit er yn reaksje op it berikken fan in akkoart mei it CDA en de FNP.

Syn partij Algemien Belang Dongeradiel wurdt de nije koälysjepartner, nei it opstappen fan de ChristenUnie. Dy partij koe út prinsipe net ynstimme mei it ynstellen fan op syn meast 12 keapsneinen yn de gemeente.

CDA en FNP hawwe tegearre in mearderheid yn de gemeenteried, mar woene der dochs in tredde partij by hawwe, om de koälysje in breder draachflak yn de ried te jaan.

Takomst brede skoallen

ABD ûnderskriuwt it koälysje-akkoart dat yn maaie ferline jier al opsteld waard. Wol wurdt der op fersyk fan ABD noch sjoen nei de takomst fan brede skoallen yn Dongeradiel. Pieter Braaksma - earder tulpekweker - wurdt ferantwurdlik foar ekonomy, toerisme en de sosjale wurkfoarsjenning. Ek it nije AZC fan Dokkum sit yn syn portefúlje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)