Njoggen flechtlingegesinnen yn âld-skoalle Wolvegea

09 des 2015 - 13:58
  • It âld-skoalgebou dêr't de flechtlinge-gesinnen yn komme
  • In keamer yn it gebou

Nije wike komme statushâlders tydlik te wenjen yn de eardere kristlike mavo Bornego College yn Wolvegea. It giet om njoggen gesinnen út Eritreä en Syrië, dy't no noch yn de opfang yn Oranje sitte.

Se sille in healjier yn de skoalle bliuwe, dêrnei gean se mooglik nei de âlde iepenbiere mavo, ek yn Wolvegea. Dat gebou sil noch ferboud wurde moatte.

Doel is dat der net allinne flechtlingen mei in status, mar ek autochtoanen dy't allang op in wenning wachtsje yn dizze opfang komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)