Algemien Belang Dongeradiel yn nije koälysje Dongeradiel

09 des 2015 - 12:48
  • Pieter Braaksma, de fraksjefoarsitter fan Algemeen Belang Dongeradeel

Algemien Belang Dongeradiel (ABD) is de nije koälysjepartner fan CDA en FNP yn Dongeradiel. Pieter Braaksma wurdt foar dy partij de nije wethâlder. Dêrmei folget er Sicco Boorsma fan de ChristenUnie op. 

ChristenUnie wol gjin keapsnein

Dy stapte op, neidat syn partij út de koälysje stapte. De CU koe him net fine yn in ferlinging fan de proef mei keapsneinen yn de gemeente. Dat stie wol yn it koälysje-akkoart. 

Tredde partij

CDA en FNP hienen mei syn twaen ek al in mearderheid yn de ried, mar woenen graach in tredde partij derby hawwe. Nei petearen die bliken dat ABD it bêste paste. De beneaming fan Braaksma as wethâlder is op 17 desimber. Hy wurdt ferantwurdlik foar ûnder oaren ekonomy, rekreaasje en toerisme en de sosjale wurkfoarsjenning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)