Lobby yn Den Haach foar spoedsoarch yn De Sionsberg

08 des 2015 - 23:09

Achter de skermen wurdt drok wurke om de spoedsoarch yn De Sionsberg yn Dokkum -24 oeren deis, 7 dagen yn 'e wike- foar elkoar te krijen. In spesjale wurkgroep sil de kommende tiid yn Den Haach it lobbywurk dwaan foar de needsaaklike finansjele stipe.

"De akute spoedsoarch is in must", seit Corry Ludema fan de wurkgroep. "Mar om soks foarmekoar te krijen moatte je handich manoeuvrearje. Want der binne nochal wat partijen dêr't je rekken mei hâlde moatte."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)