Swalkjend Aris mei romme sifers ûnderút tsjin Leiden

08 des 2015 - 23:00

Yn It Kealledykje yn Ljouwert joegen de basketballers fan Aris net thús tsjin Leiden. Aris ferlear nei in rêststân fan 30-55 mei 64-88 en hie neat yn te bringen. Coach Michael Schuurs wie min te sprekken oer syn ploech. In soad spilers kamen net yn 'e buert fan har gewoane nivo.

Yn it earste kwart stie Aris nei 8 minuten mei 19-18 foar, mar de gasten skoarden doe 10 punten op rige (19-28). By it skoft wie it ferskil al 25 punten (30-55). Grutte man by Leiden wie Rogier Jansen mei seis trijepunters. Sneon spilet Aris út tsjin Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)