Toaniel- en muzykferiening op de planken yn De Tynje

08 des 2015 - 22:50
  • Toaniel- en muzykferiening moetsje inoar op de planken

Yn De Tynje wurdt dit wykein in hiel bysûndere foarstelling spile troch toanielferiening Rjucht en Sljucht en muzykferiening De Bazuin. It is foar it earst dat beide ferienings mei elkoar op it toaniel stean.

Oanlieding is it 110-jierich bestean fan De Bazuin. Al mei al steane der sa'n 50 minsken op de planken. Se spylje in stik dat spesjaal foar dizze gelegenheid skreaun is troch de ferneamde toanielskriuwer Bouke Oldenhof.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)