Doarpen yn Littenseradiel krije no ek glêstriedynternet

08 des 2015 - 22:24
  • Iepening fan it rappe ynternet yn Lytsewierrum

Yn in hiel soad plakken yn Fryslân wie glêstried al beskikber, mar dêr hearrre Hidaard, Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum no ek by. De provinsje stipet dat mei 200.000 euro. De gemeente Littenseradiel stiet garant foar it restantbedrach fan 269.000 euro.

In spesjale wurkgroep ûndersocht oft der draachflak yn de doarpen wie. Likernôch 70 prosint fan de húshâldens út de fiif doarpen joech oan mei dwaan te wollen oan it glêstriedynternet.

Yn twa jier tiid is dat no realisearre. Op 1 jannewaris 2016 moatte alle oanslutings klear wêze.

Ynwenners dy't kieze foar glêstried moatte wol in bedrach fan 1550 euro betelje of 12 euro yn de moanne oer in perioade fan 12 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)