Mooglik beweechbere fytsbrêge by Ritsumasyl

08 des 2015 - 21:48

Der komt mooglik in beweechbere fytsbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ritsumasyl. De fytbrêge yn de Hegedyk is te smel en yn in minne steat en moat dêrom ferfongen wurde.

De provinsje ûndersiket no de mooglikheden om sa'n brêge del te lizzen. It moat wat materiaalgebrûk en konstruksje oanbelanget in duorsume brêge wurde, sa seit de provinsje.

Mocht de beweechbere brêge der komme, dan kinne tenei ek frachtskippen it kanaal brûke. De nije brêge is in wichtich ûnderdiel fan de rekreative fytsrûte oer de âlde Middelseedyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)