Menistetsjerke yn Hylpen krijt stimulearringspriis

08 des 2015 - 14:05

De eigeners fan de Menistetsjerke yn Hylpen krije dit jier de stimulearringspriis fan de Stichting Stadsherstel Hindeloopen. De priis wurdt alle jierren útrikt oan immen dy't in bydrage levere hat oan it moaier meitsjen fan de stêd.

It pear Stallman-Sprik, dat de tsjerke yn eigendom hat, hat de ôfrûne jierren drok dwaande west om de tsjerke sawol oan de binnenkant as oan de bûtenkant op te knappen. De hiele renovaasje is dien yn de âlde styl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)