Reedriders Stressless wurde observearre mei smartdata

08 des 2015 - 13:51

Topsporters dy't 24 oeren deis yn de gaten hâlden wurde, foar de reedriders fan team Stressless wurdt dat realiteit. Fan it team fan reedrydcoach Bart Veldkamp wurdt tenei smartdata sammele. Smartdata binne gegevens dy't digitaal te analysearjen binne.

De riders fan de ploech, mei dêryn de Friezinne Manon Kamminga, wurde 24 oeren deis yn de gaten hâlden. En dan giet it om wat se dogge, wat se ite, hoe lang oft se sliepe. Ek sille se spesjale pakken krije dêr't se yn traine kinne, wêrmei't ek sjoen wurde kin hoe't se it op it iis dogge.

Doel is om medaljes te heljen, oer twa jier, bij de Olympyske Spelen yn Pyeongchang yn Súd-Koreä.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)