Dokumint deafonnis Mata Hari by Fries Museum

08 des 2015 - 11:30

It Fries Museum yn Ljouwert hat in orizjineel Frânsk gerjochtsdokumint krigen dêr't it deafonnis yn tekene is fan Mata Hari. It dokumint hat as titel 'Bulletin nr. 1' en dêryn stiet beskreaun op grûn fan hokker artikels sy skuldich fûn waard oan spionaazje. Dêrûnder stiet har straf, it Frânske wurd 'Mort', dat betsjut: de deastraf.

Partikuliere skinker

It Fries Museum hat it dokumint krigen fan in partikuliere skinker dy't anonym bliuwe wol. Hy hat it kocht op in feiling, mei as doel om it yn it Fries Museum feilich te stellen. Fan tiisdei ôf is it te sjen yn de permaninte tentoanstelling oer Mata Hari yn it museum.

Fjoerpeloton

Mata Hari kaam yn 1917 yn Parys foar it fjoerpeloton. De dûnseres, oarspronklik út Ljouwert, waard fertocht fan spionaazje foar de Dútsers yn de Earste Wrâldoarloch. 'Bulletin nr. 1' wie bestimd foar it sintrale strafregister fan it Frânske ministearje fan justysje.

Skuldich?

It deafonnis seit neat oer de fraach oft Mata Hari ek werklik skuldich wie oan spionaazje. Takom jier, 100 jier nei har dea, sille de militêre argiven út Parys iepene wurde en de hoop is dat dan mear dúdlik wurdt.

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)