Soarch Prader-Willi Hûs ferbettere, mar noch net goed genôch

08 des 2015 - 11:21
  • It Prader-Willi Hûs yn Mûnein

De soarch dy't it Prader-Willi Hûs yn Mûnein jout oan de bewenners is ferbettere, mar foldocht noch net oan de noarm. Dat konkludearret de ynspeksje foar de sûnenssoarch yn in nij rapport oer de ynstelling. It Prader-Willi Hûs bliuwt dêrom noch ûnder ferskerpe tafersjoch stean.

Seis wiken

De ynspeksje is bygelyks net tefreden oer de dossiers fan de kliïnten, dy binne noch net op oarder. Fierder is der neffens de ynspeksje sprake fan 'vrijheidsbeperkende maatregelen', lykas kameratafersjoch. Ek dat is net neffens de noarmen. It Prader-Willi Hûs krijt noch seis wiken de tiid om de saken hielendal op oarder te krijen.

Prader-Willi syndroom

Yn de ynstelling yn Mûnein wenje minsken dy't it Prader-Willi Syndroom ha, dat him kenmerket trochdat de minsken hielendal fiksearre binne op iten. Boppedat hawwe se neffens saakkundigen lêst fan in 'koart lontsje'.

Mishannelings

Yn oktober melden trije âld-meiwurkers by Omrop Fryslân dat bewenners stelselmjittich mishannele waarden yn de tiid dat sy dêr wurken. De minsken soene slein, skopt en opsletten wurde. De eigeners fan it Prader-Willi Hûs ûntkenne dat. Ek de measte âlden werkenne it ferhaal net en sizze dat se hiel tefreden binne oer de soarch dy't har bern krije. Wol is ien fan de bewenners der fuortendaliks nei de publikaasjes fan de Omrop nei tuskenkomst fan jeugdsoarch fuort helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)