Plysje docht ynfallen yn Fryslân fanwege drugsûndersyk

08 des 2015 - 09:15

De plysje hat tiisdeitemoarn fanwege in drugsûndersyk op trije plakken yn 'e provinsje ynfallen dien. Yn Ljouwert waard in ynfal dien by in autobedriuw oan de Toutenburgstrjitte. Ek yn Stiens kaam de plysje, oan de Stienzer Hegedyk.  Yn Menaam wie de ynfal yn in hûs oan De Stapel. Dêr waard neist drugs ek jild yn beslach naam. Yn Menaam is in frou fan 48 oanhâlden. Op it hûs en de byhearrende loads is beslach lein.

Yn Menaam binne ek trije auto's yn beslach naam. Wêr't de oare ynfallen wienen is net bekend. Wol dat yn Ljouwert in man fan 44 oanhâlden is.

Ek yn Wolvegea is, bûten it drugsûndersyk om, in himpkwekerij oprôle. It giet om in kwekerij mei sa'n 800 planten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)